Freerk Haanstra, berne yn 1936, keatste fan 1956 oant en mei 1963. Hat altyd reserve-earsteklasser west op eigen oantrunen. Keatse sân kear op ‘e PC. Wie sawol op de earste as twadde klasse aktyf en pakte 42 punten yn de hjoeddeiske haadklasse en 72 punten yn de twadde klasse. Wûn yn 1959 de preemje op de PC mei Pier Koopmans fan Weidum en Dreeuwes Smedinga fan Harns. (Foto: Wiebe van Dijk).
It is op de sneinspartij fan Boalsert yn 1956 en ik stean net iens op ‘e list. Ik rin tusken de leafhawwers as de foarsitter fan doe, Rinze van der Zee, my oansprekt of better sein: hy liet omroppe at ik wol efkes by de tinte komme woe. Ik reagearre der earst net op, mar doe’t it wer omroppen waard, bin ik der mar efkes hinne gien. Wat wie it gefal: Hiele de Haan, de maat fan Roel Hoekstra en Aebe Haima wie opnommen en hja sieten omheech foar in tredde maat. As ik wol ynfalle woe. Ik tocht: ik moat balkeare mar dat woenen de mannen net. Do mar efteryn en miskien ha ik ek noch wol foar minst opslein mar dat wie net myn favorite stek. Efteryn en op ‘e boppe dat wie myn plakje. Mar goed, it gong sa goed dat wy pakke de lytse preemje. It wie it begjin fan myn krewearjen op de keatsfjilden. Ik hie namme makke.
Lees verder: Freerk Haanstra woe syn wurd net brekke
(Bron: kaatsen.nl, dhr. Jan Braaksma)