Keatsferiening Bolsward hat ôrûne wike op woansdei, tongersdei en freed har strjittekeatsparty ferkeatst op de Bargefenne yn Bolsward. Mei it skitterende waar, 33 fanatike keatsers yn alve frije formaasjepartoeren, Baba as útfalbasis, de krânsen, de mei troch slagter Yde de Boer sponsore fleispakketten, en alle obstakels op de dyk wiene alle yngrediïnten oanwêzich foar trije bjusterbaarlike jûnen.
Yoram en Noa Elzinga en Pieter Scharringa hiene yn de earste omloop net al te folle muoite mei it partoer Tjitte Verbeek, Bianca van der Veen en Johan Bruinsma. Dizze party pakten se mei 5-3 en 6-2. Yn de twadde omloop moesten se it opnimme tsjin trije jongkeardels, Tsjeard Weersma, Teun Miltenburg en Sander Bruinsma. Dizze jongens namen bretaalwei de lieding en rûnen sels út nei in foarsprong fan 5-1. Doe folge in taktyske wiksel, Pieter spuide him efkes yn de hannen, fitere Yoram en Noa oan en feegde seis ballen achter inoar oer de boppe. De ynhelslach wie útein setten. It pyblyk waard traktearre op in prachtige party. Se krûpten stadichoan tichterby en fansels waard it 5-5 6-6 en moasten Tsjeard, Teun en Sander úteinlik dochs belies jaan.
Yn de heale finale namen Yoram en syn maten it op tsjin it partoer Hidzer Bogaard, Jan de Boer en Gijsbert Knol. De mannen fochten as liuwen, mar moasten it ek ôflizze, ferlearen mei 5-2 6-2 en moasten genoegen niimme mei de tredde priis.
It partoer fan Lisanne Leijenaar, Dietmer Kuperus en Julian Faber wie nei twa kear winst fia in steand nûmer yn de finale kommen. Dietmer en Julian bestookten Pieter achter yn it perk mei hege ballen en Lisanne sloech foar yn it perk flink fan har ôf, mar ek foar dizze trije wie it net mooglik om de party nei harren ta te lûken. Troch degelik op- en útslachwurk en goed tuskenspul krigen Yoram, Noa en Pieter nei in stân fan 5-2 6-6 de krânsen omhongen.
Yn de finale fan de ferliezersrûnte moasten Wietske Poelsma, Johan van der Zee en Thomas van Zuiden it opnimme tsjin Stephan Rekker, Anne-Rixt en Jelle Cnossen. It waard in spannende party, it gong moai gelyk op en mei 5-5 6-2 stjoerden Stephan, Anne-Rixt en Jelle harren tsjinstanders nei hûs.
Nei de priisútrikking bleau it noch lang ûnrestich op de Bargefenne.